Achterhoeke

De lizzing fan 'e Achterhoeke binnen de provinsje Gelderlân.

De Achterhoeke of de Efterhoeke (Nedersaksysk: Achterhook; Nederlânsk: Achterhoek) is in krite dy't it eastlike part fan 'e Nederlânske provinsje Gelderlân omfiemet. It gebiet stiet ek wol bekend as "De Greefskip" (Nederlânsk: De Graafschap), nei it eardere greefskip Sutfen, al wie dat oanmerklik lytser. De Achterhoeke beslacht it gebiet tusken de rivier de Isel yn it westen, de Alde Isel yn it súdwesten, de Dútske grins yn it suden en easten, en de provinsje Oerisel yn it noarden. Yn it gebiet lizze tsjintwurdich 11 gemeenten:

De flagge fan 'e Achterhoeke.

De Achterhoeke hie yn 2012 goed 332.000 ynwenners. De grutste stêden yn 'e Achterhoeke binne Sutfen, Doetinchem, Doesburch, Winterswyk, Aalten, Lochem en Lichtenvoorde. Neffens it Sintraal Buro foar de Statistyk wie yn 2003 34,4% fan 'e Achterhoeksters roomsk, 23,9% herfoarme, 4,7% grifformeard en 3% islamitysk, wylst 5,1% in oare denominaasje of godstsjinst oanhong en 31,2% bestie út ateïsten en agnosten.

De befolking fan 'e Achterhoeke sprekt noch foar in grut diel in Nedersaksysk dialekt, it Achterhoeksk. Oars as dat by in protte oare Nedersaksyske dialekten it gefal is, liket it Achterhoeksk de lêste pear desennia wat oan populariteit te winnen, in ûntwikkeling dy't sterk beynfloede is troch de opkomst fan streektaalmuzyk, lykas fan 'e band Normaal.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.


Developed by StudentB